Fraachtekens by Bankwijzer

23 sep 2011 - 12:34

De Friesland Bank set fraachtekens by de Eerlijke Bankwijzer. Dy is ûnder oare opset troch Oxfam Novib en Milieudefensie. Banken wurde mei-inoar ferlike op maatskiplik belied oft der bygelyks rekken hâlden wurdt mei natuer of oft der ynvestearre wurdt yn bedriuwen dy't wapens meitsje.

Ut it ûndersyk docht bliken dat de Friesland Bank ûnfoldwaande skoart op ferskate duorsemenstema's en net transparant genôch is. Dêr is de bank it net mei iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)