Hearrenfean bliid mei Harkema

Robert Veenstra (foto: Omrop Fryslân)
SC Hearrenfeanfoarsitter Veenstra is bliid mei de lotting tsjin Harkemase Boys. 'Dit is in prachtich affysje. Foarôf hiene we op dit treffen hope. It sil in soad losmeitsje yn Fryslân', lit Veenstra witte op de webside fan de klup. Hy hat it sels oer it Alvestêdetochtgefoel.
Veenstra hat freed praat mei foarsitter Spinder fan de Harkemase Boys. Neffens Spinder komme der wol tritich bussen mei supporters nei de wedstriid. Dy is ein oktober.