Gjin gas by Waaksens

23 sep 2011 - 12:12

Doarpsbewenners fan Waaksens by Wommels binne bliid dat Vermillion gjin gas fûn hat by it doarp. It is noch net wis oft it hielendal dien is op it plak. De gegevens wurde no ûndersocht en dêr moat út bliken dwaan oft de put wol of net ticht kin.

Seis wike lang hat in boartoer by it doarp stien om proefboarrings te dwaan. Omwenners binne benaud foar grûnfersakking. No't der gjin gas fûn is, binne guonts sa bliid dat se de flagge úthongen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)