Dunen It Amelân wurde opknapt

23 sep 2011 - 10:36

Op It Amelân wurdt in stik fan it fytspaad op it Oerd fan moandei ôf sawat fjouwer wiken ôfsletten. It Fryske Gea begjint dan mei fuortheljen fan gers en boskjes dy't dêr net yn de natuer thús hearre. De natuerorganisaasje wol dat it gebiet wer iepen wurdt. It sân moat wer stowe kinne.

Takom jier folgje noch seis fergelykbere projekten. Mei-elkoar wurdt der 36 bunder natuer opknapt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)