Prizen foar soarchfersekerder

Foto: Omrop Fryslân
De Friesland Zorgverzekeraar hat twa Gouden Schilden wûn by de Financiële Dienstverlenings Awards 2011. Ien fan de redenen is neffens sjuery it feit dat De Friesland sûnt ferline jier klanten de mooglikheid jout om it eigen risiko yn parten te beteljen.
Direkteur Erwin Duursma seit yn in reaksje dat er it geweldich fynt dat syn bedriuw twa prizen wûn hat.