It Fean-Hark. Boys yn beker

22 sep 2011 - 23:58
  • Foto: Omrop Fryslân

Sportklup Hearrenfean nimt it yn de tredde ronde fan de KNVB-beker op tsjin Harkemase Boys. Dat wie de útkomst fan de lotting nei de wedstriid yn Alkmaar tusken AZ en FC Grins. Beide ploegen kamen as lêste út de ballemasine. De wedstriid wurdt spile op 25, 26 of 27 oktober.

SC Hearrenfean wûn yn de twadde ronde yn Venlo mei 2-0 fan VVV. Harkemase Boys stunte ôfrûne tiisdeitejûn op sportpark De Bosk mei in 4-2 winst op de betelle profs fan Willem II.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)