Caparis moat flink ynkrimpe

Foto: Omrop Fryslân
De acht gemeenten dy't gearwurkje mei Caparis geane dêrmei troch, mar dan moat Caparis wol lytser wurde. De sosjale wurkfoarsjenning mei 2400 wurknimmers moat mei twa-tredde part ynkrimpe. Dat ha de gemeenten, werûnder Ljouwert, Hearrenfean en Smellingerlân, tongersdei bekend makke.
Caparis moat dêrneist finansjeel sûn wurde en mei gjin ferlies mear draaie. Hoe't dat allegear krekt barre moat, wurdt noch ûndersocht.