'Minder nije banen'
Wurkjouwers yn Noard-Nederlân ferwachtsje minder nije banen as ferline jier. Sa'n 40 prosint fan de wurkjouwers jout oan dat se gjin feroarings yn de fraach nei meiwurkers ferwachtsje, 20 prosint ferwachtet minder minsken nedich te hawwen.
Belangrykste oandachtspunt de kommende jierren wurdt it opfangen fan âldere wurknimmers dy't ophâlde mei wurkjen, seit it UWV dy't it ûndersyk die. De fergrizing is grut by it wolwêzen, it ûnderwiis, de oerheid en it transport.