Hightech trekker op boerebeurs

22 sep 2011 - 17:08

In nij soarte hightech trekker wie de grutte publykslûker op de boerebeurs Agraryske Skou op De Jouwer. De John Deere Revolution rydt op griene disel en hat GPS en in touchscreen oan board. De trekker hat tsjillen fan oer de twa meter heech. De boerebeurs op 'e Jouwer hat de primeur foar Nederlân mei de nije John Deeres.

De jierlikse boerebeurs yn it Heremapark wie dit jier wer grutter as ferline jier. De beurs lûkt boeren út hiel Noard-Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)