Anna Blamanhûs no tagonkliker

22 sep 2011 - 16:59
  • Foto's: Omrop Fryslân

De ferhuzing fan it Anna Blamanhûs nei de iepenbiere biblioteek yn Ljouwert docht fertuten. It grutste homo-lesbyske argyf fan it lân is no folle better berikber. Der komme no mear besikers. Benammen studinten dy't wurkstikken meitsje rinne folle makliker binnen.

Anna Blaman krige yn 1956 de PC Hooftpriis foar har folsleine wurk. Har twadde boek Eenzaam Avontuur soarge doedestiids foar opskuor fanwege de lesbyske passaazjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)