Moadeshow op catwalk Ofslútdyk

22 sep 2011 - 15:37

Moadeketen C&A hat tongersdei op de Ofslútdyk in moadeshow jûn foar it 170-jierrich bestean fan it bedriuw. Op de dyk lei in 2100 meter lange catwalk dêr't sawat fyftich modellen de nijste klean showden. Neist modellen rûnen ek bekende Nederlanners en personielsleden mei. Ien fan de BN'ers wie sjonger Jan Smit.

C&A hopet mei de lange catwalk yn it Guinness Book of Records te kommen. De allerearste Clemens en August-winkel waard yn 1841 iepene yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)