Brantsje op dak nij Saailân

22 sep 2011 - 12:59

Op it dak fan de nijbou op it Ljouwerter Saailân hat tongersdeitemoarn in brantsje west. Oan de kant fan it Ruterskertier fleach dakbedekking fan it nije wen- en winkelkompleks yn de brân. Dat barde by dakdekwurk.

De boufakkers koene de brân sels útmeitsje. De brânwacht kontrolearre oft it fjoer him net tusken de spoumuorren ferspraat hie. De skea falt ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)