Frysk diktee Tytsjerksteradiel

© Omrop Fryslân
Gerrit van der Meer is woansdei kampioen wurden fan it earste Frysk Diktee fan de gemeente Tytsjerksteradiel. Hy hie tsien flaters, ien minder as de nûmer twa. De earste priis is in plakette, makke troch glêskeunstner Jan Hooghiemstra fan Aldtsjerk.
Wethâlder Houkje Rypstra lies de tekst foar mei as titel Yntegrearje. De dielnimmers moasten harren bûge oer wurden lykas Berltsumer spek, mychammels en wartekrûd.