Dronken frou (67) klemriden

22 sep 2011 - 10:30

Automobilisten hawwe woansdei yn Snits in dronken autobestjoerster (67) út Drylts klemriden. Se seagen de frou oer de Stedsrûnwei-East slingerjen. Se feroarsake dêrby hast oanridings. De automobilisten slaggen deryn om har klem te riden en har de autokaaien ôf te pakken.

De plysje hat de dronken automobiliste dêrnei meinaam nei it plysjeburo. De frou hat proses-ferbaal krige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)