Auto by brêge del yn feart

By in auto-ûngelok yn Ljouwert binne tongersdeitemoarn betiid trije manlju swier ferwûne rekke. Harren auto fleach neist de brêge yn de Saturnuswei fan it talúd ôf en bedarre in ein leger op de kop yn de feart. Twa fan de trije ynsittenden koene sels út de auto komme. De bestjoerder, in Ljouwerter (20), moast troch dûkers fan de brânwacht befrijd wurde. Hy is yn kritike tastân nei it MCL brocht. Hy hie tefolle dronken. De oaren, 20 en 28 jier, rekken ek swierferwûne.