Radio 1 wer fia FM te hearren

21 sep 2011 - 17:25

Radio 1 is fan tongersdei ôf net mear te hearren fia de middengolfstjoerder 648 AM. It FM-berik yn it midden fan it lân is genôch wersteld. Wol soarget de ûntfangst yn it Noarden fan it lân foar problemen.

De publike omrop hat dochs besletten om de AM net langer te brûken. De problemen mei de ûntfangst fan radiostjoerders is ûntstien troch de brân yn de stjoermêst fan by Smilde, heal july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)