Westra achtste op WK tiidriden

21 sep 2011 - 16:59

Lieuwe Westra is achtste wurden op it wrâldkampioenskip tiidriden. De hurdfytser fan De Tynje ried yn Kopenhagen in tiid fan 57,02 oer 46,4 km. Mei dy tiid wie hy trije minuten en 19 sekonden stadiger as de Dútske winner Tony Martin. Westra die it benammen yn it twadde part hiel goed en pakte dêrmei in soad tiidwinst.

Troch syn goeie prestaasje hat Westra in Olympyske nominaasje krigen. As hy yn foarm bliuwt mei hy meidwaan oan de Olympyske Spelen takom jier yn London.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)