Tips oer mishanneling Wolvegea

21 sep 2011 - 16:19

De plysje wit wa't de frou is dy't yn Wolvegea in frou (77) mishannele hat. Dat wie sneon 10 septimber. Se rûn mei har man yn in winkel oan it Van der Sandeplein. In ûnbekende frou foel it stel út Noardwâlde lestich. De man koe him mei in winkelwein ferdigenje. De frou waard yn it gesicht slein.

It foarfal is fêstlein op bewakingskamera's. Bylden binne pleatst op de webside dadergezocht. Dat hat tips opsmiten. De frou wurdt meikoarten heard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)