Friezen nei Jong Oranje

Marco Bizot
Twa spilers fan SC Hearrenfean en ien fan SC Cambuur binne selektearre foar Jong Oranje. It giet om Jeffrey Gouweleeuw, Luciano Narsingh en Marco Bizot. Op 6 oktober spilet Jong Oranje in EK kwalifikaasjewedstryd tsjin Eastenryk. De ôftraap is om 19.00 oere yn it Tivoli stadion Tirol yn Innsbruck.
KNVB-coach Cor Pot hat earst 31 spilers selektearre. Op 30 septimber makket Pot de definitive seleksje bekend.