Goffe Hoogsteen ferstoarn

21 sep 2011 - 15:20

Yn Surhústerfean is fersetsstrider Goffe Hoogsteen ferstoarn. Hy is 91 jier wurden.

Hoogsteen wie de lêste yn Nederlân wenjende fersetsstrider dy't op 8 desimber 1944 belutsen wie by de befrijing fan 51 finzenen út de Blokhúspoarte yn Ljouwert. Dat die er mei 24 oare fersetsminsken. De oerfal is de bekendste aksje fan it ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. De dielnimmers woene net sjoen wurde as helden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)