Brân yn motor Koegelwieck

21 sep 2011 - 14:17

Op de Koegelwieck, de flugge fearboat fan rederij Doeksen, hat woansdeitemiddei yn Harns in lyts brantsje west. Yn de romte fan de motor wie oalje op isolaasjemateriaal kaam. De brân wie gau ûnder kontrôle en de skea falt mei. Der wiene gjin minsken oan board fan it skip doe't de brân útbruts.

De brân hat gjin gefolgen foar de tsjinstregeling. Passazjiers binne omboekt nei de rappe boat Tiger. Dy sil de tsjinstregeling oernimme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)