Auto nei botsing yn sleat

21 sep 2011 - 13:05
  • N383 by Bitgum
  • Foto's: Aise van Beets

By in ûngelok op de krusing fan de Berltsumerdyk by Bitgum binne woansdei twa minsken ferwûne rekke. De bestjoerder (84) en syn frou (86) út Ljouwert rieden oer de provinsjale dyk.

In bestjoerster (21) út Froubuorren joech it echtpear gjin foarrang doe't se de N383 opried. De auto mei de Ljouwerters sloech oer de kop en bedarre yn in sleat. De brânwacht hat har út de auto helle. Se binne mei nek- en rêchklachten nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)