DNA deade otter ûndersocht

It DNA fan de deariden otter wurdt dizze wike ûndersocht. It bist is fûn op de Wâldwei. Der wurdt sjoen oft de otter neiteam is fan de útsette otters yn natuergebiet de Wieden en Weerribben krekt oer de Fryske grins yn Oerisel. It kin moannen duorje foardat der dúdlikheid oer komt.
In oare mooglikheid is dat de otter wer spontaan foarkomt yn Fryslân. It deade bist leit no yn in friezer yn it besikerssintrum de Alde Feanen.