Plysje siket autodief

21 sep 2011 - 11:16

De plysje siket dieder(s) fan de stellerij fan in auto yn Ferwert. Surveillearjende plysjes seagen de auto tiisdeitenacht foarby kommen. De bestjoerder ried hurd fuort doe't de plysjes him kontrolearje woene. Dêrby ried de auto in sleat yn.

De bestjoerder en mooglike oare ynsittenden naaiden út. De plysje hat noch mei in hûn socht, mar neat fûn. Ut ûndersyk die bliken dat de auto stellen wie. Ek wie guod út it hûs fan de eigner meinaam en yn de auto fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)