Plysje pakt rappe riders

21 sep 2011 - 11:12

De plysje hat tiisdeitejûn yn Kollumerpomp it rydbewiis ynnaam fan in ynwenner (39) fan Bûtenpost. Hy ried mei 139 kilometer op de teller oer de Kwelderwei, wylst dêr mar 80 riden wurde mei.

Yn Beetstersweach ried in automobilist ek te hurd. Hy hie op de sneldyk by it doarp 174 kilometer op 'e teller, wylst er 120 mocht. It giet om in ynwenner (22) fan De Wylgen. Tsjin beide bestjoerders is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)