Waadwachten gasthear Waad

Foto: stichting Wad
Foar it tredde jier hawwe waadwachten dizze simmer op sânbanken fan de Waadsee bivakkeard om gasthear te wêzen foar de wettersport. Se lizze de Waadfarders de regels út.
De oanwêzichheid fan de waadwachten is noch altyd in proef, mei de ynset fan frijwilligers en in liend ûnderkommen. Der wurdt no socht nei jild om der foar te soargjen dat it projekt trochset wurde kin.