Undersyk nei proseduere REC

20 sep 2011 - 22:12

In ûndersykskommisje fan de Harnzer gemeenteried is úteinset mei in ûndersyk nei it tastân kommen fan de ôffaloven.

Der wurdt sjoen nei de beslútfoarming en ynfolling fan ferantwurdlikheden by de tarieding en bou en nei de maatskiplike ûnrêst dy't de komst fan de REC feroarsake. Yn de kommisje sitte fjouwer riedsleden. Jennifer Steevensz fan Frisse Wind is foarsitter. Trije deskundigen op it mêd fan lokaal bestjoer steane har by.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)