SC Cambuur út de beker

20 sep 2011 - 22:01

Sportklup Cambuur is útskeakele yn it bekertoernoai. De Ljouwerters ferlearen de thúswedstriid tsjin FC Zwolle mei 1-0.

De iennige goal fan de wedstriid foel yn de 74e minút en kaam fan âld Cambuur-spiler Nassir Maachi. De Ljouwerters besochten noch wol om op likense hichte te kommen, mar echt grutte kânsen wist de thúsploech net te kreëaren. Cambuur kin him no rjochtsje op de kompetysje. Freed is de thúswedstriid tsjin Helmond Sport

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)