Fryske keamerleden ferdield

20 sep 2011 - 16:03

Ferdielde reaksjes op de troanrede fan Keninginne Beatrix. PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fynt it tige spitich dat der gjin omtinken wie foar natuer, kultuer, lânbou en sport yn de troanrede.

VVD-keamerlid Anne-Wil Lucas wie al hiel tefreden. Neffens har wurdt der no wurk makke fan it fersterkjen fan de ekonomy. Keninginne Beatrix hie gjin goed nijs te fertellen. Se sei dat alle Nederlanners rekke wurde troch de besunigings.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)