Baggerwurk Warkum en Ljouwert

20 sep 2011 - 14:30

De provinsje begjint ynkoarten mei baggerwurk by Warkum en Ljouwert. By Warkum wurdt it Soal útdjippe, tusken de slûs by Warkum en de Iselmar. No is it dêr 2,5 meter djip, dat wurdt aanst 30 sintimeter mear. Ek wurdt it slyk njonken de fargeul fuorthelle, sadat dy net sa gau wer ûndjip wurdt.

By Ljouwert giet it om baggerwurk yn de Wide Greons, de Tynje en it Nije Kanaal. Dêr is it slyk foar in part fersmoarge. Dat wurdt fuorthelle en brûkt as ûndergrûn fan in nije dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)