Frou ferwûne by ûngelok

20 sep 2011 - 10:44

In 53-jierrige frou út Dokkum is moandeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok yn Boalsert. It slachtoffer siet yn de auto by in 54-jierrige plakgenoat. De man ried fanút it sintrum fan Boalsert rjochting de Ugoleane doe't in oare automobilist op de ferkearde kant fan de dyk kaam. Beide auto's botsten frontaal op elkoar.

De frou hie meardere ferwûnings en is mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)