Keamerfragen oer ûntfangst

19 sep 2011 - 23:18

De CDA-fraksje yn de Twadde Keamer wol dat minister Maxime Verhagen maatregels nimt om de ûntfangst fan de radiostjoerders yn Noard-Nederlân te ferbetterjen. De problemen mei de ûntfangst fan bygelyks Radio 1 en 2 binne ûnstien troch de brân yn de stjoermêst fan Hegersmilde. Dat wie op 15 july. Nei mear as twa moanne is de ûntfangst noch hieltyd min.

Keamerlid Koppejan hat dêr no fragen oer steld oan de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)