Earmerkwegerders nei Brussel

19 sep 2011 - 21:19

De biologyske boeren Henk Brandsma en Thom de Groot sille tiisdei nei it Europeesk Parlemint yn Brussel. Beide boeren wegerje har bisten earmerken yn te dwaan. Dat hat al tal fan rjochtsaken opsmiten.

Se binne útnoege troch de fraksje fan GrienLinks. Se krije in rûnlieding en sille prate oer earmerken en oare saken dêr't se mei sitte lykas it boppe de grûn útriden fan de biolgyske dong.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)