Fiskstân sânwinput wer goed

Pommeranten mei de grutte snoek
De fiskstân yn de de âlde sânwinpunt De 16 Roeden oan de Nije Leane by It Hearrenfean liket wer aardich klear nei de dramatyske winter fan twa jier lyn. Troch in tekoart oan soerstof ûnder it iis giene doe op syn minst 50 karpers dea. De Federaasje fan Fryske Sportfiskers is eigner fan it wetter.
Moandei waard fiske mei netten om te sjen wat der allegear yn it wetter siet. Skoalbern fan Langsweagen mochten meidwaan. Se seagen ûnder oaren in snoek fan in meter lang.