Besunigings op groanysk siken

19 sep 2011 - 15:55

De plannen yn de miljoenenota treffe opnij groanysk siken en beheinden. De groep dy't in modaal ynkommen hat giet hûnderten euro's mear achterút as net-siken. Dêr komt noch by dat de soarchtaslach ferlege wurdt, it eigen risiko fan de syktekostefersekering omheech giet en der wurdt besunige op it persoansbûne budzjet (pgb).

Moandei wurdt yn Den Haach demonstrearre mei as tema 'stop de stapeling', want de iene maatregel komt nei de oare.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)