Mooglik nij swimbad Bûtenpost

19 sep 2011 - 14:57

Yn Bûtenpost komt mooglik in gloednij swimbad. De gemeente Achtkarspelen meldt dat der bedriuwen binne dy't wol ynteresse hawwe om in nij swimbad te bouwen en te eksploitearjen. It nije swimbad soe yn 't plak komme fan it besteande swimbad de Kûpe dat bot ferâldere is.

Oer trije jier moat it bad in grutte ûnderhâldsbeurt krije. Achtkarspelen seit dêr gjin jild foar te hawwen. Oft yn in nij swimbad ek in wedstrydbad komt, is noch net wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)