Wer oanhâldings saak-Haanstra

19 sep 2011 - 14:33

De plysje hat opnij twa minsken oanholden fanwege de dea fan de 48-jierrige Hanny Haanstra út Drachten. It giet om in 37-jierrige Drachtster en in 34-jierrige man út Veenendaal. De twa binne freed oanholden en wurde moandei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy makket dan út oft se langer fêstsitten bliuwe.

Earder waarden al twa Drachtsters fan 16 en 19 jier as fertochten oanhâlden. Sy sitte noch altyd fêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)