Biste-asyl noch fol katten

19 sep 2011 - 12:25

Biste-asyl De Wissel yn Ljouwert sit trije wiken nei de simmerfakânsje noch altyd grôtfol. Gewoanwei rint it tal katten dat opfongen wurde moat nei de simmermoannen werom. Dêr is dit jier gjin sprake fan. Yn augustus sieten noch 180 katten yn de opfang, op dit stuit binne dat sels noch sân mear.

De opfang hat har hoop fêstige op de iepen dei op 1 oktober. Dan sette alle biste-asyls har doarren iepen foar takomstige baaskes. Gewoanwei fine dan in protte bisten in nij hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)