Nije besunigings Ljouwert

19 sep 2011 - 09:58

Ljouwert moat yn jannewaris mooglik opnij besunigje. De gemeente hâldt rekken mei ôffallers as it giet om it tal nije wurkleazen en ekstra besunigings út Den Haach. Dat seit wethâlder Andries Ekhart yn in taljochting op de begrutting foar 2012. Moandei is dy presintearre.

Op dit stuit is de begrutting noch slutend. De ûnreplikgoedbelesting en de oare lêsten hoege net bot ferhege te wurden. De bystânsútkearingen rinne lykwols wol hurd omheech.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)