Priis foar Fryske fotograaf

19 sep 2011 - 09:42

Fotograaf Alex de Haan fan Akkrum hat neffens de Ynternasjonale Federaasje fan Agraryske Journalisten de moaiste lân- en túnboufoto fan 2010 makke. Dat is ôfrûne sneon bekend makke op in kongres yn Kanada. It giet om in foto fan in man mei skiep yn Noarwegen.

De Haan wûn ek noch in priis yn de kategory lânskip, foar in foto fan kij yn de mist. Oan de kompetysje diene fotografen út 30 lannen mei. De Haan krijt in gouden spjelde, in sertifikaat en 1250 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)