Skeeler Belgen winne

De lêste skeelerwedstriid fan dit seizoen is sneon op Skylge wûn troch de Belg Bart Swings. Yn Midslân-Noard einige hy yn de Brandaris Classic foar Ingmar Berga en Gary Hekman.
By de froulju kaam de winner ek út België. Hilde Goovaerts waard winnares foar Brooke Lochland en Margo van de Merwe. Goovaerts wûn op Skylge ek it einklassemint. By de mannen wie Roy Boeve de winner fan it einklassemint.