Fryske apelrisping falt ôf

18 sep 2011 - 13:10

Fryske apelkwekers hawwe dit jier in strieminne risping. Begjin maaie hat der ien nacht froast west en dêrtroch binne in soad apels beferzen. De rispinge falt dêrtroch in stik leger út. Oan guon apelbeammen hingje mar tweintich apels, wylst dat der eins 150 wêze moatte.

Lanlik sjoen is de apelopbringst krekt wol in stik heger, allinnich yn de trije noardlike provinsjes falle de kilo's ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)