Jûns omlieding N351

18 sep 2011 - 12:58

Ferkear dat de kommende wike jûns of nachts oer de N351 tusken Nije- en Aldeberkeap wol, moat rekken hâlde mei in omlieding. Omdat der oan de dyk wurke wurdt is dy ôfsletten. Bussen en bestimmingsferkear meie oer de paralleldyk, mar oaren moatte omride. Dy rûtes steane mei buorden oanjûn.

De ôfsluting jildt fan sân oere jûns oant seis oere moarns op moandei oant en mei tongersdei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)