Sykaksje op Hegemermar

18 sep 2011 - 09:25

Helptsjinsten hawwe sneontejûn op de Hegemermar by Heech op syk west nei mooglike drinkelingen. Dat waard dien neidat foarbygongers in omslein sylboatsje seagen, mar de opfarders net fine koene.

De helptsjinsten kamen derachter dat de opfarders al yn feiligens wiene. Wol waard in blusboat fan de brânwacht ynset om har nei de fêste wâl te bringen. De opfarders kamen der mei in wiet pak fanôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)