Aris wint oefenpot fan R'dam

© Omrop Fryslân
De basketballers fan Lasaulec Aris ha harren iepen dei ôfsletten mei in oerwinning op Rotterdam. Yn de oefenwedstriid wûnen de Ljouwerters mei 83-67. By rêst stie Aris noch twa punten efter, mar yn it tredde kwart waard it ferskil makke.
Aris spilet kommend wykein noch twa oefenwedstriden yn België. It wykein dêrnei, op sneon 1 oktober, begjint Aris de kompetysje mei in thúswedstriid tsjin de kampioen fan ferline jier ZZ Leiden.