Hearrenfean wint fan VVV

Bas Dost skoarde de 2-0
SC Hearrenfean hat sneontejûn de útwedstryd tsjin VVV wûn. Yn stadion De Koel yn Venlo waard it 3-0 foar de Friezen. Nei in saaie earste helte wie it noch 0-0. Pas it kertier foar tiid waard de skoare iepen brutsen troch Luciano Narsingh. De wedstriid wie fuort oer. Troch Bas Dost en Oussama Assaidi waard it noch 3-0.
It wie de twadde winst fan SC Hearrenfean fan dit seizoen. De ploech stiet no op it njoggende plak yn de kompetysje, krekt folge troch FC Grins.