Avanti krijt flinke klap

17 sep 2011 - 16:34

Sealfuotbalklup Avanti/Posthuma hat freedtejûn in flinke dreun krigen. Der waard mei 8-2 ferlern fan 't Veerhuys. By rêst stie it noch 4-0. Nei rêst waard it binnen de minút 5-0, en dêrmei wie de wedstriid dien.

't Veerhuys brûkte freed tûk de counter, omdat Avanti net skerp genôch wie. De ploech fan Lieuwe van der Wijk en Jos Alkema is net grut, sadat de basisfuotballers in soad spylje. De earste wedstriid einige ferline wike yn in lykspul.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)