Keppelfeest moat Frysk stypje

17 sep 2011 - 16:28
  • Foto's: Remco de Vries/Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is sneon it Keppelfeest úteinset foar it gerjochtshôf. Fan 60 doarpen kamen fertsjinwurdigers dêr út alle hoeken fan de stêd byelkoar, elk mei in flagge. 60 doarpen en stêden en 60 flaggen omdat 60 jier lyn Kneppelfreed barde.

Op 16 novimber 1951 kneppele de plysje in grutte groep minsken by de rjochtbank útelkoar dy't ôfkaam op de saak tsjin sjoernalist en dichter Fedde Schurer wêrby't it foaral gie om it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)