DNA-spoaren taske Vaatstra

17 sep 2011 - 13:38
  • It monumint foar Marianne

Bauke Vaatstra wol dat justysje noch ûndersyk docht nei it hantaske fan syn fermoarde dochter Marianne. Dat meldt De Telegraaf sneon. It taske waard neist it lichem fan Marianne fûn.

Justysje hat it direkt nei de fynst oan de famylje jûn. Dy hat der letter ûndersyk nei dwaan litten troch in partikulier buro. Dat fûn DNA op it taske en melde dat oan justysje mar dy soe dêr neat mei dien ha. Vaatstra wol dat dat no dochs noch dien wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)