130.000 besikers fleanbasis

17 sep 2011 - 13:08

Sneon binne in 130.000 besikers nei de iepen dei fan de fleanbasis kommen. Alle parkearterreinen foar de besikers wiene middeis fol. Dy terreinen leine op de A32 tusken Marsum en Dronryp, by de Griene Stjer en by Stiens. Ek by Stenden en by it WTC wiene alle plakken beset.

It hichtepunt fan de dei wie de show fan de Red Arrows. Om de besikers wer nei har auto te bringen, waarden ekstra pendelbussen ynset. Basiskommandant Luyt wie tefreden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)